"Stellingwerven moatte fusearje yn Drinte of Oerisel"

De Stellingwerven passe it beste by Drinte of Oerisel
Der moat by in gemeentlike weryndieling fan de Stellingwerven foaral sjoen wurde nei gearwurking mei gemeenten yn Drinte en Oerisel. Dat sei foarsitter Ype Dijkstra fan de Stellingwarver Schrieversronte op de nijjiersbyienkomst.
Neffens Dijkstra is it belangryk dat der rekken hâlden wurdt mei maatskiplike, skiedkundige en taalkundige bannen. Sa komt men út by de Drintske gemeente Westerveld en it Oeriselske Stienwikerlân, sa fynt de foarsitter.