Follybalfroulju Snits winne en ferstevigje kopposysje

24 jan 2016 - 12:02

De follybalfroulju fan Snits hawwe goede saken dien yn de earedifyzje. Sels wûn de ploech fan trainer-coach Petra Groenland mei 3-0 fan Talenten Team Papendal (25-22, 25-21 en 25-17), wylst de nûmer twa Alterno út Apeldoorn yn eigen hûs ferlear fan Oskam Taurus mei 2-3. By Snits spile foaral Roos van Wijnen in sterke wedstriid.

Nei 15 wedstriden hat Snits no 39 punten, seis mear as Sliedrecht en sân mear as Alterno, dat nei it tredde plak sakke.

Trefwurden: 
follybal froulju VC Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)