Man (51) wurdt mei in stanleymes yn it gesicht snijd

In man fan 51 is sneontejûn yn de Wiardastrjitte yn Ljouwert nei alle gedachten mei in stanleymes yn syn gesicht snijd. De man soe ien út syn auto litte doe't er oansprutsen waard troch in 48-jierrige bekende. Dy soe it slachtoffer fuort mei it mes oanfallen hawwe. Dy koe slimmer foarkomme troch hurd fuort te riden.
De fertochte soe in ein meisleept wêze troch de auto, doe't de plysje him letter yn syn wenning arrestearre wie er ferwûne oan de foet. It is net dúdlik wat de oarsaak fan it ynsidint west hat.