SC Hearrenfean pakt yn de twadde helte belangrike oerwinning

23 jan 2016 - 23:24

Sportklup Hearrenfean hat in benaude, mar belangrike 3-1 oerwinning pakt op Willem II. Yn it Abe Lenstra kaam Hearrenfean de earste helte mei 1-0 efter troch in penalty fan Nick van der Velden. De earste helte wie net bêst fan de thúsploech. It gelok wie dat Hearrenfean net fierder op efterstân kaam.

Yn de twadde helte sette Foppe de Haan Thorsby en Otigba yn foar Te Vrede en Bijker. Zenelli (71e) en Otigba (74e) soargen der binnen fjouwer minuten foar dat Hearrenfean foar stie. Fiif minuten foar tiid makke Larsson dien wurk mei in frije trap.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)