Knegt: "Ik kin noch wol winne"

23 jan 2016 - 18:17

Sjinkie Knegt hat noch altyd sicht op de Europeeske titel. De shorttracker stiet no twadde mei 20 punten efterstân op de Rus Elistratov: "As ik moarn twa kear win, dan pak ik ek de titel. Ik ha der wol fertrouwen yn."

Knegt hat noch wol wat lêst fan syn foet: "It materiaal is net super, myn skoech past net goed en dêr ha ik lêst fan hân. Hjoed net mear, mar as it technysk net goed giet, dan ride jo ek minder. Toch tink ik dat ik noch kin."

Trefwurden: 
shorttrack EK Sjinkie Knegt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)