Breeuwsma: "Ik bin gjin pankoek."

23 jan 2016 - 17:08

Daan Breeuwsma baalt flink fan syn blessuere op de twadde dei fan it Europeesk Kampioenskip. Breeuwsma waard twa kear yn de heale finales útskeakele en hat noch altyd lêst fan syn blessuere. "Ik ha în hiel soad wekker lein fannacht. Troch de pine. En hjoed woe it net. It lichem is op." Nei it EK wurdt Breeuwsma opereard.

Toch bliuwt Breeuwsma hoopfol foar de lêste dei: "Ik bin gjin pankoek. Ik kin echt wol goed ride en hear gewoanwei by de Europeeske top. Moarn wol ik noch ien kear fol gas jaan."

Trefwurden: 
shorttrack Daan Breeuwsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)