Marrit Leenstra twadde yn einklassemint NK sprint

Marrit Leenstra is sneon as twadde einige yn it einklassemint fan it NK sprint yn Thialf. Leenstra wûn de ôfslutende 1000 meter yn 1.16.05, mar koe de efterstân op koprinner Sanneke de Neeling net ynrinne. De Neeling einige mei 1.16.55 as tredde en pakte dêrmei de nasjonale sprinttitel. Ireen Wüst einige mei 1.16.28 as twadde op de 1000 meter. Anice Das waard fjirde, Margot Boer fyfde en Janine Smit sânde.
Boer einige as tredde yn it einklassemint. It is it lêste NK sprint foar de rydster fan Goaiïngaryp.
Sy set nei dit seizoen in punt set achter har karriêre.