Aksje mûners foar Boerum

16 apr 2012 - 12:47

Frijwillige mûners út Súd-Hollân binne in aksje begûn om jild yn te sammeljen foar de weropbou fan de ôfbaarnde mûne yn Boerum. De eigener fan mûne Windlust, de Stichting Erfgoed Kollumerland Nieuwkruisland, set alles op alles om wer in fernijde mûne yn Boerum werom te krijen. It is noch de fraach oft de mûne dan ek wer in monumint wurde kin.

De mûne fan Boerum baarnde mei de peaskedagen folslein ôf neidat jonges âlde bibels en psalmboekjes út in papierkontener yn 'e brân stutsen hiene. It fjoer sloech oer nei de mûne.

Trefwurden: 
mûne Boerum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)