ONS Boso Snits ferliest mei 3-2 by Excelsior

ONS Boso Snits ferlear sneon mei 3-2 by Excelsior. Yn Maassluis begûnen de Snitsers goed. Al nei 3 minuten kopte Yumé Ramos de iepeningstreffer binnen. Lang koe ONS net jûchheie, want al yn de 6e minút stie de 1-1 op it boerd. Noch binnen de 20 minuten wie it op 'e nij raak en naam Excelsior de lieding. Yn de twadde helte makke de thúsploech de 3-1. Renco van Eeken brocht de spanning werom mei de 3-2, mar fierder kamen de Snitsers net.
Troch it ferlies bliuwt ONS stean op 15 punten út 18 wedstriden.