Jan Smeekens twadde op 500 meter NK sprint

Jan Smeekens © awfoto.nl
Jan Smeekens is sneon as twadde einige op de twadde 500 meter by it NK sprint yn Thialf. De rider út Snits sette de tiid stil op 35.05 en klokte dêrmei deselde tiid as Kai Verbij. De winst gie nei Daidai Ntab, mei 35.03. Jesper Hospes fan It Hearrenfean einige as achtste mei 35.43.
Mei noch ien ôfstân te gean, giet Verbij oan de lieding. Ronald Mulder stiet op plak twa, folge troch Jan Smeekens. Jesper Hospes stiet fjirde. Gerben Jorritsma út Diever fine wy op it 5e plak. Sneon ride de manlju de ôfslutende 1000 meter.