Margot Boer wint 500 meter sprint op NK

23 jan 2016 - 15:31

Margot Boer hat sneon de winst pakt op de twadde 500 meter by it NK sprint yn Thialf. De rydster út Goaiïngaryp sette in winnende tiid fan 38.74 op it boerd. It sulver wie foar Floor van den Brandt mei 38.75. Janine Smit waard tredde mei 38.82. Sanneke de Neeling waard fjirde mei 38.89. Anice Das en Mayon Kuipers einigen dield fyfde mei 38.97.

Yn it klassemint giet De Neeling oan kop. Boer stiet twadde, folge troch Marrit Leenstra. Boer moat snein op de 1000 meter 0.55 sekonden goedmeitsje op De Neeling. Foar Leenstra is dat 0.68 tellen.

Trefwurden: 
reedriden Margot Boer sprint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)