Douwe de Vries twadde op 5 km by NK allround

23 jan 2016 - 13:39

Douwe de Vries fan It Hearrenfean is sneon twadde wurden op de 5 kilometer by it NK allround yn Thialf. De Vries klokte in tiid fan 6.22.41 en moast allinnich Jan Blokhuijsen foargean litte. Blokhuijsen sette de winnende tiid fan 6.22.18 op it boerd. Arjan Stroetinga fan Waskemar einige as tredde yn 6.22.85.

Yn it allround-klassemint giet Blokhuijsen no oan de lieding. De Vries stiet op it twadde plak en moat snein op de 1500 meter in efterstân fan 1.87 sekonden goedmeitsje. Stroetinga fine wy werom op plak fjouwer.

Peter Groen, dy't freed noch ferrassend de 500 meter wûn, waard op de 5000 meter diskwalifisearre.

Trefwurden: 
NK reedriden Jan Blokhuijsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)