Carla Ketellapper-Zielman wint op Weissensee

23 jan 2016 - 12:19

Maratonrydster Carla Ketellapper-Zielman fan Rottum hat sneon yn Eastenryk de Iepen Nederlânske titel op natoeriis wûn. Ketellapper wûn de wedstriid oer 70 kilometer op it iis fan de Weissensee yn de massasprint. Daniëlle Lissenberg-Bekkering kaam as twadde oer de einstreek, folge troch Iris van der Stelt.

De manlju stride sneon ek om it Iepen Nederlânsk kampioenskip. Sy ride hûndert kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)