Wurk oan Hearewâl leit stil

16 apr 2012 - 12:18

De renovaasje fan 800 meter monumintale kaai oan de Hearewâl yn it sintrum fan It Hearrenfean duorret twa moanne langer as it doel wie. De problemen hawwe benammen in technyske oarsaak. It slaan fan de ankers foar de damwanden soarge foar tefolle trillings en dêr moast in oplossing foar fûn wurde.

Der is in alternatyf, mar dat wurk duorret langer. It ekstra wurk kin binnen it budzjet fan 4 miljoen euro opfongen wurde, seit wethâlder Hartsuiker fan de gemeente Hearrenfean.

Trefwurden: 
It Hearrenfean kaai Hearewâl
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)