ANWB en provinsje warskôgje foar glêde diken

Glêdens (argyffoto) © ANP
It ferkear moat der sneontemoarn goed om tinke dat it pleatslik noch hieltiid tige glêd wêze kin. Neffens de ANWB kin it yn Fryslân, Grinslân en Drinte pleatslik tige glêd wêze troch beferzen of opferzen stikken dyk. De temperatuer mei dan wol wer wat heger wêze, op in soad plakken sit noch wol de froast yn de grûn en dat kin foar problemen soargje.
Neffens de provinsje Fryslân is it benammen yn Súdeast-Fryslân glêd, mar ek gemeenten as Achtkarspelen, Súdwest-Fryslân en Tytsjerksteradiel binne drok oan it struien.