Frachtauto mei hynders fleant yn de brân by Terwispel

23 jan 2016 - 09:07

In frachtauto mei hynders is freedtenacht yn brân flein op de A7 by Terwispel. De sjauffeur fan de frachtauto koe de brân self blusse. De brânwacht fan Beetstersweach hat der wol noch by west, foar kontrôle.

Foar safier bekend binne de hynders net ferwûne rekke. De bisten binne yn in oare frachtauto oerladen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)