Ien op de trije ynwenners fan It Hearrenfean is iensum

22 jan 2016 - 22:50

36 prosint fan de ynwenners tusken de 19 en de 64 jier yn de gemeente Hearrenfean is iensum. Dat docht bliken út in ûndersyk fan wolwêzensorganisaasje Caleidoscoop. De gefoelens fan iensumens ferskille wol per persoan.

Neffens Sander van Eunen, de direkteur fan Caleidoscoop hat it ûndersyk him rjochte op folwoeksen ynwenners fan de gemeente, mar docht ek bliken dat der by jongeren faak gefoelens fan iensumens binne. Neffens him soene ferbiningen tusken leeftydsgroepen helpe kinne om iensumens te bestriden.

Netwurk

Yn guon doarpen wurdt hjir al oan wurke. Lykas yn Ketlik en Mildaam, dêr't in grutte groep frijwilligers in netwurk opset hat. Alderen wurde ien as twa kear yn it jier besocht mei de fraach hoe't it giet en oft se ek help nedich hawwe. De PvdA yn de gemeente wol sjen hoe't der fierder wurke wurde kin oan it bestriden fan iensumens, en by it kolleezje derop oantrune hjir ek nei te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)