Kai Verbij wint 1000 meter manlju, Sjoerd de Vries fjirde

Kai Verbij is freed de winner wurden op de 1000 meter by it NK sprint yn Thialf op It Hearrenfean. De bêste Fries wie Sjoerd de Vries, dy't mei in tiid fan 1.09.64 op it fjirde plak einige. Krekt dêr achter stiet Jesper Hospes, dy't mei in tiid fan 1.09.93 in sechde plak pakke koe. De tiid fan Hospes wie goed foar in nij persoanlik rekôr. Snitser Jan Smeekes einige op de 1000 meter op in 13e plak, mei in tiid fan 1.11.03.
Kai Verbij giet nei de earste dei oan de lieding, foar Ronald Mulder, Gerben Jorritsma en Jesper Hospes.