Súdwest-Fryslân wol opnij sjen nei boaiemdelgong Toppenhuzen

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De gemeente Súdwest-Fryslân wol dat der nochris sjoen wurdt nei de gegevens oer de boaiemdelgong yn it gebiet rûnom Toppenhuzen. Enerzjybedriuw Vermilion wol dêr nei gas boarje. De gemeente wol dúdlikens ha hoe't de grûn der no by leit en oft de gegevens dy't Vermilion oanleveret klopje. Ek moat der mear dúdlikens komme oer de opbringst fan de gaswinning. Ald NAM-ingenieur Adriaan Houtenbos moat it ûndersyk útfiere.
Vermilion wol it gas ûnder oare ûnder it doarp winne. Ynwenners bin benaud dat de grûn dan fersakje sil en dat har huzen dan skea oprinne. Vermilion seit dat de kâns dêrop lyts is.