Nederlânske fuotbalfroulju winne fan Denemarken

Sherida Spitse © awfoto.nl
It Nederlânsk fuotbalalvetal foar froulju hat freed in oefenwedstriid tsjin Denemarken mei 2-0 wûn. Yn Belek yn Turkije skoarden Lieke Martens en Shanice van de Sanden foar Oranje. Sherida Spitse fan Snits die in grut part fan de wedstriid mei. Se waard yn de 62e minút wiksele. It alvetal is op it stuit dwaande mei de tariedings foar it Olympysk kwalifikaasjetoernoai dat yn de maitiid yn Den Haach en Rotterdam plakfine sil.
Lêste ticket
Nederlân moat de striid oangean mei Noarwegen, Sweden en Switserlân, foar it lêste Europeeske ticket foar de Spelen yn Rio.
Under de 19
Ek it alvetal ûnder de 19 kaam freed yn aksje. Sy spilen mei de Fryske spylsters Sisca Folkertsma en Lysanne van der Wal yn de basis tsjin Switserlân. De wedstriid, dy't yn Portugal spile waard, einige úteinlik yn in 2-1 oerwinning foar de Oranje froulju.