Marrit Leenstra pakt sulver op 1000 meter, Ireen Wüst tredde

22 jan 2016 - 17:42

Marrit Leenstra is freedtemiddei twadde wurden op de 1000 meter by it NK sprint yn Thialf op It Hearrenfean. De rydster út Wikel sette in tiid del fan 1.16.18. Hjirmei wie se krekt wat stadiger as Sanneke de Neeling út Rotterdam, dy't yn in tiid fan 1.16.08 oer de finish kaam.

Ireen Wüst waard tredde mei in tiid fan 1.16.40. Margot Boer, dy't earder op 'e middei de 500 meter wûn, einige op de 1000 meter as fiifde. Hjirtroch sakke se yn it klassemint nei in tredde plak. Janine Smit waard sechsde.

Sanneke de Neeling is de ferrassende nûmer ien nei de earste dei. Se wurdt folge troch Marrit Leenstra, Margot Boer en Janine Smit. Anice Das stiet fiifde en Ireen Wüst sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)