Keatsmuseum selsstannich

16 apr 2012 - 11:44

It keatsmuseum yn Frjentsjer wurdt selsstannich. No sit it noch by it keatsbûn KNKB. Dat fynt it behear fan it museum net mear ta syn taken hearren. Der is in stichting oprjochte om it behear oer te nimmen. Dit jier bestiet it museum fjirtich jier.

Fan âldsher siet it keatsmuseum yn it Coopmanshûs. Doe't dat munt- en penningkabinet yn 1995 tichtgie, gie it museum nei it gebou fan de Friesland Bank op de Foarstrjitte. De nije stichting wol de kolleksje op ynternet sette. Der komme ek eksposysjes op lokaasje.

Trefwurden: 
KNKB keatsmuseum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)