FIDEO: Foarstelling oer it libben fan Ritsko van Vliet

22 jan 2016 - 17:03

Yn Ljouwert wie er in bekende ferskining: de gûcheler en fariëtee-artyst Ritsko van Vliet. It is freed syn 15e stjerdei. Yn it histoarysk sintrum giet in foarstelling yn premjêre oer it libben fan Van Vliet: in de naam van de vader, oer de gûcheler en syn soan: Ritsko van Vliet junior. Hy moast as lyts jonkje al mei op toernee en spilet no de haadrol yn it stik.

Omrop Fryslân stjoert ynkoarten ek in dokumintêre út oer de Ljouwerter fariëtee-artyst Ritsko van Vliet. Dat sil nije wike snein wêze op 31 jannewaris. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)