Proefride yn elektryske auto

Gemeente Kollumerlân
In groep Fryske ûndernimmers op it mêd fan elektrysk farren en autoriden lit gemeenten in wike lang fergees yn in elektryske auto ride. It projektburo Drive4Electric lient syn elektryske Peugeot fan 17 april út oan Kollumerlân. Doel is dat de brûker fan de auto ûnderfinings dielt op twitter.
Yn Kollumerlân sille wethâlder Jelle Boerema en Hille Visser de auto brûke. Kollumerlân wol yn 2020 klimaatneutraal wêze.