Winst op 500 meter yn Thialf nei Margot Boer

22 jan 2016 - 16:37

Titelkandidate Margot Boer hat freedtemiddei op it NK sprint yn Thialf op It Hearrenfean goeie saken dien op de 500 meter. De Jouster wûn de ôfstân yn in tiid fan 38.77 sekonden. Sanneke de Neeling waard twadde mei in tiid fan 38.86 en Janine Smit fan It Hearrenfean tredde mei in tiid fan 38.92.

Ireen Wüst bedarre bûten de top tsien, mei in tiid fan 39.56. De froulju ride letter freed ek noch de earste 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)