Gemeente giet akkoart mei sinnepanielepark yn Bûtenpost

22 jan 2016 - 16:20

De gemeenteried fan Achtkarspelen is akkoart gien mei de oanlis fan in grut sinnepanielepark yn Bûtenpost. De panielen komme yn in fjild njonken yndustryterrein De Swadde. Mei de stroom dy't opwekke wurdt, kin tritich persint fan it folsleine ferbrûk fan Bûtenpost dutsen wurde en fiif persint fan it folsleine ferbrûk fan Achtkarspelen.

De gemeente siket no in merkpartij dy't it sinnepanielepark oanlizze wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)