Alle Friezen nei folgjende omloop op EK shorttrack

22 jan 2016 - 14:56

Op it Europeesk kampioenskip shorttrack ha alle Friezen de folgjende ronde helle. Op de startdei yn Sotsji pleatsten sels alle Nederlanners har foar de folgjende rondes. Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting wûnen op sawol de 500, de 1000 as de 1500 meter al harren races. Ek Daan Breeuwsma wûn op alle ôfstannen syn races, allinnich op de 1000 meter waard hy twadde, mar pleatste hy him wol foar de kwartfinales.

Ek Freek van der Wart, Jorien ter Mors en Lara van Ruijven binne allegear troch. Knegt seach sels dat ien fan syn konkurrinten, de Rus Migunov, al útskeakele waard. Ek op de ôflossing waard de heale finale helle. De froulju wûnen mei de Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries, de manlju wûnen harren searje mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en de Lemster Dennis Visser.

Sneon binne de finales fan de 500 en 1500 meter.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt EK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)