Kai Heerings op hierbasis fan Cambuur nei Helmond Sport
SC Cambuur ferhiert Kai Heerings de rêst fan it seizoen oan Helmond Sport. Dat is de nûmer acht fan de Jupiler League. Heerings kaam ôfrûne simmer nei Cambuur, mar kaam dêr oant no ta amper oan fuotbaljen ta.
De sintrale ferdigener kaam mei-inoar seis kear yn aksje, yn kompetysje- en bekerwedstriden.