Twa F16's fan fleanbasis sille tiisdei op Schiphol lânje

In Nederlânske F-16
Twa F16's fan de fleanbasis Ljouwert oefenje kommende tiisdei foar it earst mei it lânjen op Schiphol. It fleanfjild is in offisjele útwyklokaasje foar de F16's om hinne te fleanen as de eigen basis net berikber is. Reden dêrfoar kinne minne waarsomstannichheden wêze. De F16's steane ornaris op de fleanbasis yn Ljouwert of dy yn Volkel.
Schiphol is in útwyklokaasje. Dat betsjut dat F16's, as se dêr lânje, net lang bliuwe. Sadree't it kin, geane se wer werom nei Ljouwert. De oefening fan tiisdei is bedoeld om de prosedueres te oefenjen.