Soad praktyske problemen foar dea ferklearre frou

22 jan 2016 - 12:38

De tafel leit fol brieven, by Maaike Wierenga yn Den Haach. De gemeente Ljouwert makke in grutte flater doe't dy de Haachske deaferklearre. En no sit Wierenga mei de problemen. Gjin DigiD mear, gjin AOW mear, gjin reisabonnemint mear. "Ik zit hier met een tafel vol brieven en moet alles zelf weer regelen." Se snapt net dat it mei ien druk op de knop mooglik is om ien dea te ferklearjen en dat it sa dreech is alles wer werom te draaien.

Yn it begjin koe frou Wierenga noch wol om de flater laitsje, mar doe't de gefolgen dúdlik waarden net mear.

"Gisteren kreeg ik nog een brief van de belastingdienst waarin mijn nabestaanden gecondoleerd werden", seit Wierenga. "Ik ben al op 4 januari doodverklaard en kwam er pas twee weken later achter. Ik heb gewoon twee weken in de illegaliteit geleefd."

De gemeente Ljouwert makke de flater om't op 3 jannewaris in M. Wierenga yn Ljouwert ferstoar. Dizze frou wie op eksakt deselde datum berne as frou Wierenga út Den Haach. Ljouwert hat ekskús oanbean en blommen stjoerd. Meikoarten nimt wethâlder Harry van der Molen noch kontakt op mei de frou yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)