Jerry St. Juste ek net tsjin Willem II

22 jan 2016 - 11:59

SC Hearrenfean-ferdigener Jeremiah St. Juste mist sneon de wedstriid tsjin Willem II. St. Juste is blessearre oan in boppeskonk. Hy soe tsien dagen útskeakele wêze. Dêrtroch komt de derby tsjin Cambuur fan nije wike ek yn gefaar. Ek oanfierder Joey van der Berg is der sneon net by. Hy sit in skorsing út nei syn reade kaart fan ferline wike tsjin PEC Zwolle.

Trainer Foppe de Haan wol him noch net útlitte oer de opstelling tsjin Willem II, mar nei alle gedachten begjint er mei fjouwer oanfallers.

Dat soe betsjutte dat Luciano Slagveer yn de basis weromkomt. De mooglike opstelling fan SC Hearrenfean tsjin Willem II: Mulder, Van Anholt, Van Aken, Otigba, Bijker, Marzo, Cavlan, Zeneli, Slagveer, Te Vrede, Larsson.
,

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)