Krânslizzing yn Dokkum foar delsketten finzenen 1945

By de jierlikse betinking yn Dokkum wurde freed de tweintich finzenen betocht dy't op 22 jannewaris 1945 troch de Dútsers ombrocht binne. It is 71 jier lyn dat de finzenen delsketten binne oan de Wâldwei yn Dokkum. Lykas ferline jier dogge diskear ek learlingen fan it Dockinga College oan de betinking mei. Twa learlingen fan de skoalle hawwe in krâns by it monument dellein.
Direkteur Marcel Klaverkamp fan it Dockinga College fynt it wichtich dat de learlingen harren respekt toane foar wat doe bard is.
''Alle jierren is it wer in spesjaal momint en ek al is it al lang lyn, dit meie wy net ferjitte'', seit de direkteur. In soad learlingen fan de skoalle binne tige belutsen. Sa waard der muzyk makke troch de learlingen as earbetoan oan de finzenen. ''Mei alles wat der no oer IS op it nijs is, kin ik begripe hoe slim dit wie, ek al is it al sa lang lyn'', sa seit Wesley, ien fan de learlingen dy't freedtemoarn in krâns lei by it monumint.
De tweintich finzenen kamen út de finzenissen fan Ljouwert en Grins. Se waarden deasketten as wraak op in oanslach troch it ferset by De Falom. Dêrby kamen twa Dútske soldaten om it libben.