Lieuwe Westra wer striidber yn Tour Down Under

22 jan 2016 - 11:43

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje bekomt goed fan syn fal earder yn de Tour Down Under yn Australië. Hy kundiget sels de oanfal oan yn de etappe fan sneon. Dan moat it peloton twa kear de Willunga Hill beklimme, in ferneamde heuvel yn Australië.

Westra stiet op dit stuit 24e yn it klassemint mei 50 tellen efterstân op klassemintslieder Simon Gerrans. Tongersdei waard bekend dat Westra dit jier net de Tour de France ride sil.

Westra is troch de Astana-ploech wol selektearre foar de Vuelta, de Ronde fan Spanje dy't fan 20 augustus oant 11 septimber hâlden wurdt. Fierder wurde de koartere rittekoersen Parys-Nice en de Driedaagse van de Panne twa spearpunten foar Lieuwe Westra. Yn it ferline helle hy dêr goeie resultaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)