Pronkkeamer Museum Heerenveen beskikber foar keunstners

22 jan 2016 - 11:37

Museum Heerenveen stelt syn pronkkeamer fergees beskikber oan keunstners. Dy meie de romte dan in moanne lang brûke foar harren keunst. De iennichste betingsten binne dat de keunstners de romte sels ynrjochtsje en ek wer leechhelje. Ek moatte se de eksposysje sels organisearje.

Mei dizze aksje wol it museum in positive bydrage leverje oan it kulturele klimaat op It Hearrenfean. It oanbod jildt net allinnich foar beropskeunstners, ek bygelyks skoalbern of arsjitekten binne wolkom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)