Hongaar fertraget treinferkear

16 apr 2012 - 10:21
NS-trein - Foto: Omrop Fryslân

In 18-jierrige Hongaar hat snein it treinferkear tusken Swolle en Ljouwert flink ûntregele. De jonge rûn neist it spoar en dêrom moasten trije dêr delkommende treinen stadiger ride. Dat soarge foar fertraging.

Plysjes wisten de jonge eefkes letter oan te hâlden. Hy koe him net legitimearje. Op it plysjeburo krige er twa boetes.

Trefwurden: 
trein Hongaar
(advertinsje)
(advertinsje)