KNVB fersmyt heger berop: Van den Berg net tsjin Willem II

22 jan 2016 - 09:53

De KNVB hânhavenet de skorsing fan SC Hearrenfean-spiler Joey van den Berg. Hy krige moandei twa wedstriden skorsing wêrfan ien ûnder betingst foar syn reade kaart tsjin PEC Zwolle. Dy krige er foar neitraapjen.

Van den Berg wie it net mei de straf iens en gong yn berop. Dat hat dus net holpen. Troch de straf mist Van den Berg sneontejûn de thúswedstriid tsjin Willem II.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)