Gemeente Ljouwert ferklearret frou ûnterjochte dea

22 jan 2016 - 07:21

De gemeente Ljouwert hat in flater makke en in frou út Den Haach ûnterjochte dea ferklearre. Dat melde AD en Ljouwerter Krante. Op 3 jannewaris ferstoar yn Ljouwert frou M. Wierenga. Mar de gemeente Ljouwert klikte yn it systeem de namme fan Maaike Wierenga (76) yn Den Haach oan. Beide froulju binne op eksakt deselde datum berne. 

Maaike Wierenga ûntduts de flater doe't se in brief fan har soarchfersekerder krige. Dy wie rjochte oan har neibesteanden. Yntusken is regele dat se wer in ID-kaart krijt. Ek is se har DigiD kwyt. 

Ek dogge ferskate paskes dy't de frou hat it net mear. De gemeente Ljouwert hat frou Wierenga út Den Haach ekskús oanbean en in bosk blommen stjoerd. Ek wol wethâlder Harry van der Molen meikoarten persoanlik yn petear mei Maaike Wierenga.

Trefwurden: 
dea Ljouwert flater
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)