Eimers nije coach Flyers

16 apr 2012 - 09:44

Chris Eimers (39) wurdt de nije coach fan iishockeyklup de Friesland Flyers. Eimers, dy't ôfrûne seizoen kampioen waard mei Geleen, tekenet foar twa jier. Neffens Flyers foarsitter Henk Hoekstra past de oanstelling by it belied fan de klup om binnen trije jier wer mei te dwaan om de prizen. Eimers hat as coach in goede steat fan tsjinst. Njonken de titel mei Geleen, waard er yn 2010 ek al kampioen mei Nijmegen.

By de Flyers is Eimers in âlde bekende. As spiler en as coach wie er op It Fean aktyf. Foar it lêst yn it seizoen 2008/2009.

Trefwurden: 
Flyers iishockey Chris Eimers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)