Undernimmers Tytsjerksteradiel swier ferdield oer keapsnein

Undernimmers yn Tytsjerksteradiel binne swier ferdield oer de keapsnein yn harren gemeente. Foar- en tsjinstanners wiene tongersdeitejûn oan it wurd om te fertellen wat se fan de keapsnein fine.
De harksit wie bedoeld as tarieding op de opiniearjende en beslútfoarmjende behanneling fan it ûnderwerp yn de ried. Op 18 febrewaris sille de riedspartijen fertelle hoe't se der oer tinke. It definitive beslút sil úteinlik yn de maitiid komme.
Undernimmersferiening Burgum ferdield
Undernimmersferiening Himbo fan Burgum hat net oan it wurd west op de harksit. Dat komt omdat de ûndernimmers ûnderling ferdield binne. Erik Meijer, foarsitter fan Himbo, ferwachtet dat der in ferromming komt foar keapsneinen. Op persoanlike titel sjocht Meijer, dy't eigener is fan de Expert yn Burgum, leaver net in keapsnein yn Burgum kommen. "It is dreech om genôch kwalifisearre personiel foar de snein te krijen", seit Meijer.
De Himbo hat yn in brief oan de gemeenteried de foar- en tsjinarguminten beskeaun.