Eigeners kreakpân stelle gemeente Ljouwert oanspraaklik

21 jan 2016 - 21:30

De eigeners fan in gebou oan de Stasjonsstrjitte yn Ljouwert stelle de gemeente oanspraaklik foar mooglike skea oan it gebou. De eigeners woene it âlde kantoar tongersdeitemoarn opromje. Doe die bliken dat der kreakers yn sitte. Dy kinne der net samar útset wurde.

Om't it gebou fertutearze is en foar de eigeners net te fersekerjen, wolle se dat it gau ûntromme wurdt. It soe binnen ek gefaarlik wêze. De gemeente wegeret dit lykwols.

Neffens boargemaster Crone is der gjin sprake fan in gefaarlike sitewaasje. Der kin dan ek net samar yngrepen wurde. Hy hat de eigeners advisearre nei de rjochter te stappen om sa ôf te twingen dat de kreakers it gebou ferlitte.

Trefwurden: 
kreakers Stasjonswei Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)