Soad ynternasjonale belangstelling foar It Swarte Goud

Oer de hiele wrâld sjogge hynsteleafhawwers út nei ‘It Swarte Goud’, de dokumintêrerige fan Omrop Fryslân oer it Frysk hynder. De dokumintêres fan Fryslân DOK wurde fan 2 april ôf útstjoerd op NPO2 en Omrop Fryslân Telefyzje, sa is tongersdei bekend wurden. Yn 'It Swarte Goud' giet de omrop op syk nei de passy foar it Fryske hynder oer de hiele wrâld. Sa is der filme yn Amearika by de frou fan skriuwer Dan Brown, dy’t Fryske hynders hâldt.
Net fjouwer, mar fiif ôfleveringen
It soe earst in rige wurde fan fjouwer ôfleveringen, mar de omrop hat besletten der fiif fan te meitsjen. “We ha al safolle prachtich materiaal fan minsken en harren Fryske hynders sammele, dat wy dat net mear yn fjouwer ôfleveringen kwyt kinne”, seit dokumintêremakker Piter Tjeerdsma.
It Swarte Goud wurdt makke yn gearwurking mei it Frysk hynstestamboek. Hjoed-de-dei binne der goed 60.000 Fryske hynders oer de hiele wrâld. Ut de hiele wrâld komme dan ek reaksjes op de rige. Ut Kroäsië, Sina, Sweden en Kanada.