Tsien yllegaal opfongen seehûnen yn beslach naam

21 jan 2016 - 17:11

De Voedsel- en Warenautoriteit hat op Skylge tsien yllegaal opfongen seehûnen yn beslach naam. Eilanner Hessel Wiegman hie de seehûnen yn in loads opfongen. Buorlju hiene klage oer stjonkerij, wêrnei't de ynspekteurs in ûndersyk ynstelden.

De seehûnen, trije jongen sûnder mem en sân seehûnen fan in healjier âld, wurde nei opfangsintrum Pieterburen brocht. Minsken dy't sike seehûnen opfange, moatte dizze binnen tolve oeren nei in opfangsintrum bringe. Wiegman wachtet al in skoft op in fergunning. Dy stiet no faai nei dizze aksje fan de NVWA.

Trefwurden: 
seehûnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)