Jelle Roeper wurdt de nije direkteur fan It Toanhûs

© It Toanhûs
Sintrum foar de keunsten It Toanhûs op De Jouwer hat in nije direkteur. Fan 1 febrewaris ôf folget Jelle Roeper de hjoeddeiske direkteur Jelle Posthumus op. Roeper is op it stuit koördinator en slachwurkdosint by Ateliers Majeur op It Hearrenfean.
It Toanhûs jout kursussen op it mêd fan muzyk, dûns en teater foar ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren. It sintrum fersoarget ek ferskate projekten op de basisskoallen yn de gemeente.