Bakstien troch rút smiten

plysjeburo Drachten © Google streetview
De plysje hat sneontenacht in man fan De Rottefalle (21) oppakt op fertinking fan fernieling. De man hie yn 'e kroech spul hân mei in oare man. Hy smiet oanslutend in bakstien troch it rút fan dy syn hûs en ek troch de achterrút fan de auto fan syn 'fijân'. De freondinne fan 'e beneidiele man waard wekker en seach de fertochte. Sy warskôge de plysje.
De plysje koe de fertochte thús oanhâlde. Hy waard meinommen nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk. Wêrom't de manlju krekt spul hiene is net bekend.