Grutte konkurrint fan Sjinkie Knegt mist EK shorttrack

21 jan 2016 - 11:29

Shorttracker Victor An út Ruslân, ien fan de grutte konkurrinten fan Sjinkie Knegt, docht dit wykein net mei oan it EK yn Sotsji. An, seisfâldich wrâld- en olympysk kampioen, kaam dit hiele seizoen noch net yn aksje. Oft er wol meidocht oan it WK, letter dit jier, is noch net dúdlik.

Knegt fersloech An ferline jier sawol op it EK as WK en is dêrtroch dit wykein titelferdigener yn Sotsji.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)