Friezen binne tefreden oer harren sosjale kontakten

21 jan 2016 - 11:22

In romme mearderheid fan it Frysk boargerpanel is tefreden mei syn sosjale kontakten. Hast njoggen fan de tsien panelleden sizze dat se harren famylje en freonen genôch sjogge en sprekke. 65-plussers binne dêr better oer te sprekken as oare leeftiidsgroepen.

De measte minsken fan it boargerpanel binne ek tefreden oer de kwaliteit fan harren sosjale kontakten. Ien en oar docht bliken út de nije partisipaasjemonitor fan it FSP, it Fries Sociaal Planbureau. Goed 1600 leden fan it Frysk boargerpanel hawwe hjir oan meidien.

De panelleden út de Fryske stêden binne minder posityf oer de kontakten yn de buert as dy op it Fryske plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)