De Harmonie hâldt foar it earst in stripbeurs

Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert hâldt oare wike sneon foar it earst in stripbeurs. Oan de beurs dogge ferskate striptekeners en útjouwerijen mei. Ek it Nederlands Stripmuseum yn Grins wurket mei.
Nei ôfrin fan de stripbeurs wurdt yn De Harmonie de musikal Suske en Wiske opfierd. Doel is dat de stripbeurs in jierliks evenemint wurdt yn De Harmonie.