Ekoshop Helder op De Lemmer is bêste biologyske winkel

Ekoshop Helder op De Lemmer is de bêste biologyske winkel fan Nederlân, yn de kategory middelgrutte winkel. De ferkiezing is in inisjatyf fan Bionext en de Biowinkelferiening. Der binne ek winners yn de kategory 'grutte winkel' en 'boerewinkel'.
Neffens de sjuery hat Ekoshop Helder in grut assortimint en in moaie ynrjochting. Allinnich de bûtenkant kin noch wol wat better, fynt de sjuery. De winners binne mei keazen troch it publyk. Yn alle kategoryen wiene trije winkels nominearre.