Brânstichting by basisskoalle De Sprong: skoalle is ticht

21 jan 2016 - 09:43

Basisskoalle De Sprong yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren hat fikse skea oprûn troch in brân ôfrûne nacht. De skoalle is tongersdei ticht. Rolkonteners dy't tsjin de bûtengevel fan de skoalle stiene, binne yn 'e brân stutsen. Dat wie tsjin fiif oere. Ien fan de lokalen fan de skoalle en in part fan de gevel rekken skansearre.

Boppedat is der flink wat reek de skoalle ynkaam en is der stankoerlêst. By in needlokaal fan De Sprong binne dêrneist twa ruten ynsmiten. By de Dr. Algraskoalle, dy't derneist leit, binne ek twa ruten fernield.

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de brân en fan de fernielings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)