Kollum: "Brune skuon? Not done!"

21 jan 2016 - 08:26

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op twitter

"Ha jim Nieuwsuur ôfrûne snein ek sjoen? Prachtich programma, dêr’t de fine fleur fan de bankiers fan Nederlân efkes sjen liet yn hokker wrâld se libje. Joris Luyendijk skreau it alris op yn syn boek ‘Dit kan niet waar zijn’, mar it is altyd wer moai om befêstiging te krijen fan in byld dat jo fan ditsoarte minsken ha.

Njonken de foaroanman fan de ING, Ralph Hamers, sieten Wiebe Draijer (Rabobank), Gerrit Zalm (ABN Amro) en Maurice Oostendorp (SNS) yn de show. Opnaam op de Zuidas, it plak dêr’t dat tige goed decoreert. Fjouwer tige slagge hearen dy’t fan jo jild it breed hingje litte. Want se ferjitte harren sels net as it oer it leanpûdsje giet.

Neffens ING topman Ralph Hamers is de 1.6 miljoen euro dy’t hy jierliks oan salaris opstrykt oan de lege kant. Dat snap ik wol, de earme Ralph is njonken hiel belangryk ek nochris heit fan in twilling, sa stiet op wikipedia, dus ja, dan moat er dat eins ek wol barre, dizze yn Simpelveld berne bankier. Ik ha ek twa dochters, dus ik wit krekt wat it allegearre kostet. As se him dizze joadefoai net jouwe, is ‘het runnen van een tent als deze,’ sa as hy de troch belestingjild rêden bank neamde, eins net lukratyf en dan is der oer de grins folle mear wurdearring yn materiële sin foar toppers as Ralph. It is dus slikke of stikke, oars is ús Ralph net langer beskikber om syn goede wurk troch te setten.

Ik tink dat Ralph it ek hielendal net slim fynt dat de 62 rykste minsken likefolle jild ha as de earmste helte fan de totale wrâldbefolking. Want hy is net berne yn in lege kaste yn India, dêr’t rioel skjinmeitsjen of oare min betelle banen it foarlân fan de bern binne. Nee, hy is berne yn Simpelveld. En de minsken út lege kasten yn India, de bystânsmemmen mei in twilling yn de djoere leeftiid in 70-er jierren doorzonwenning, de ûntsleine 55-plussers mei in arbeidsferline dat der foar soarget dat se nea wer wurk fine sille, de middenstân mei in winkel dêr’t gjin kop mear komt omdat elts yn in pear jier alles ynienen online keapet? Allegearre ha se neffens Ralph fette pech. Hy moat dy 1.6 miljoen wol ha.

De oare CEO’s fan de grutte Nederlânske banken skoden wat ûngemaklik hinne en wer op harren kruk foar in rút mei útsjoch op de Súdamsterdamske heechbou by it neamen fan it salaris fan Ralph Hamers. Want ja, sy barre minder. En dat is eins fansels yn ditsoarte fermiddens gesichtsferlies en in desastreuze nederlaach. Ik bedoel, je moatte jûns ek wer by it wiif ferskine.

No, Draijer, Zalm en Oostendorp ha goed it leksum opsein krigen, dat wik ik jim. ‘Hoe is it yn de wrâld mooglik dat dy snotnoas fan de ING mear bart as do? It moat net mâler. Hoe ferkeapje ik dit op de hockeyklup en by it bridgen foar froulju fan heechbetelle keardels? Ik gean ôf as in gieter, ferdikke. Oar jier wol ik datsto likefolle hast, of mear. Ik skamje my dea.’ It wie al mei al in treflik blijspul fan fjouwer manlju yn in djoer pak, sittend op in kruk, mei swarte skuon oan.

En dat lêste wie eins wol it wichtichste dat ik fan de útstjoering meikrigen ha. No wurd it belangryk, hearen ûndernimmers, efkes goed lústerje. De echte toppers drage swarte skuon. Net dy poerlilke brune puntskuon dêr’t je hjir yn alle business romten mei konfrontearre wurde, mar swarte. Dus froulju, dit wykein mar efkes mei manlief op syk nei nije, swarte skuon. Miskien hat de Scapino noch wol in hippe sale, as se noch iepen binne en net definityf de nekke omdraaid troch de bankiers."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)